Fjoerwurk yn beslach naam

© Omrop Fryslân
De Plysje Drinte hat yn huzen yn Wynjewâld en Assen tûzenen kilo's swier fjoerwurk yn beslach nommen. Mei-elkoar giet it om 7500 kilo. Fjouwertûzen kilo lei yn twa garaazje-boksen yn Assen, de rest yn in hûs yn Wynjewâld en yn in bestelbuske fan in ynwenner fan Peize.
Fiif minsken binne oppakt. De opspoaring fan it fjoerwurk wie in aksje fan it spesjale fjoerwurkteam fan de plysje yn Noard-Nederlân.