Fritsma yn Keamer foar Wilders

It súkses fan de Partij foar de Frijheid fan Geert Wilders hat ek foar dy partij in Fries-om-utens yn de Twadde Keamer brocht. De 34-jierrige Sietse Fritsma, oarspronklik fan Frjentsjer, mei him sûnt woansdeitejûn oankommend Keamerlid neame.
De Partij foar de Frijheid komt mei njoggen sitten yn de Twadde Keamer. Dat is krekt genôch foar Fritsma, want hy stiet op plak nûmer njoggen op 'e list.