Boetes foar mankeminten auto

© Omrop Fryslân
Yn Ljouwert hawwe tiisdei trijehûndert minsken in boete krigen foar mankeminten oan 'e auto. De plysje kontrolearre op twa plakken yn de stêd goed njoggenhûndert bestjoerders.
De measte bekeurings waarden útdield foar ferkearde ferljochting. Fierder krigen minsken boetes omt se harren rydbewiis net by harren hiene en foar it net om hawwen fan 'e rimen.