Fytsframe Bos Fryske produksje

© Omrop Fryslân
It Fryske bedriuw Koga fan it Hearrenfean hat it frame ûntwurpen foar de fyts fan Theo Bos. De baanhurdfytser moat mei it spesjaal foar him produsearre frame goud helje op de Olympyske Spelen yn Peking. Ek de oare Nederlânske baanhurdfytsers sille gebrûk meitsje fan it nije frame.
Oare wike tiisdei sil de fyts presintearre wurde en sil Theo Bos der foar it earst yn it iepenbier op fytse.