Connexxion is teloarsteld

21 mrt 2012 - 12:11

Connexxion is teloarsteld dat se it busferfier yn in grut part fan Fryslân ferlieze. Tiisdei waard bekend dat de provinsje de konsesje foar Noard- en Súdwest-Fryslân gund hat oan Arriva. Ferfiersbedriuw seit dat se de konsesje wer ha woene en in goed bod dien hie. De earste soarch foar it bedriuw is de oergong fan har sjauffeurs nei konkurrint Arriva. De nije konsesje giet ein dit jier yn. Dan ferdwynt Connexxion hielendal út Fryslân.

Trefwurden: 
Connexxion Arriva
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)