Fraude mei bystân hieltyd dreger

© Omrop Fryslân
Minsken dy't fraudearje mei in bystânsútkearing rinne yn it noarden in hieltyd gruttere kâns om pakt te wurden.
Wethâlder Florijn fan Ljouwert sit as fertsjintwurdiger fan alle Fryske gemeenten yn in wurkgroep om fraude op te spoaren. Sa hat der yn Ljouwert al in keppeling west tusken minsken mei in bystân en oft se al of net in auto ha. Yn 2005 binne hjir troch 2 útkearings stopsetten en 6 ferlege.