Foppe de Haan kin nei hûs

22 nov 2006 - 12:12

Foppe de Haan is der mei de ploech fan Jong Indonesië net yn slagge om him te pleatsen foar de Aziatyske Spelen yn Qatar. Yn de kwalifikaasje ferlear syn ploech de twadde wedstriid tsjin Syrië mei 4-1. Earder waard al ferlern fan Irak. De lêste wedstriid takom freed tsjin Singapore is net mear fan belang.

De Haan hat in goed heal jier supervisor west fan Jong Indonesië. De Aziatyske Spelen binne it grutste sportevenemint fan Azië.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)