Undernimmerspriis foar Canvas

22 nov 2006 - 10:50

It bedriuw Canvas Company út Boerum hat tiisdeitejûn yn Assen de Jonge Undernimmerspriis fan it Noarden wûn.

It bedriuw fan eigner Halbe Boersma krige de foarkar boppe Alertec Uitzendbureau út Warten en it Snitser Via Drupsteen BV. Canvas Company makket skilderijen op kanvas fan foto's. De Jonge Winner Halbe Boersma is noch mar twa jier aktyf mei syn bedriuw, mar hat al 22 minsken foar him oan it wurk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)