Gjin jild foar sirkusskoalle

21 nov 2006 - 22:43

De gemeente Ljouwert hat gjin jild foar sirkusskoalle de Hoogte. De Hoogte hat tiisdei twatûzen hantekens oanbean oan wethâlder Bleize, mei de fraach foar stipe. Der is alle jierren in tekoart fan goed tritichtûzen euro.

Bleize hat gelyk witte litten dat de gemeente it probleem net oplosse kin. De sirkusskoalle sil fûnsen oansprekke moatte of gearwurking sykje moatte mei oare ynstellings, sa fynt Bleize.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)