Wike útstel iepening garaazje

Brutsen glês soarget der foar dat de iepening fan de parkeargaraazje Aldehou yn Ljouwert in wike letter wurdt.
De garaazje soe woansdei iepene wurde, mar meiwurkers hawwe by fersin in pallet mei glês falle litten. Dat wurdt brûkt foar in tagongshúske op it plein. Der wie de ôfrûne wiken dei en nacht wurke om de garaazje earder iepenje te kinnen. De garaazje wurdt no nije wike tiisdeitemiddei iepene.