Feiliger bedriuweterreinen Fean

© Omrop Fryslân
Undernimmers fan It Hearrenfean wolle in ein meitsje oan de ûnfeilige situaasje op de fiif bedriuweterreinen benoarden it plak. Om de ynbraken tsjin te gean is der in plan fan oanpak makke, mei kameratafersjoch en bettere surveillânse. Boppedat wurdt besjoen oft der ien meldkeamer komme kin foar alle fiif terreinen.
Alle plannen útfiere kostet in miljoen. It ministearje fan Ekonomyske Saken sil dêr in part fan meibetelje.