Willem Alexander yn Moddergat

21 nov 2006 - 16:12
Foto: Omrop Fryslân

Prins Willem Alexander wie tiisdei op besite yn it Waadgebiet. Hy wie ûnder oare yn Moddergat, dêr't begjin takom jier gas út it Waad helle wurdt. De Prins krige ynformaasje oer it herstel fan de kwelders. Letter krige er ek noch útlis oer de technyk fan gaswinning en it yn de gaten hâlden fan de delgong fan 'e seeboaiem.

De prins wie yn it Waadgebiet yn it ramt fan it program 'Ruimte' fan it Ministearje fan VROM.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)