Sakereis nei Parma

© Omrop Fryslân
Fyftjin sakelju fan It Hearrenfean gean tongersdei op hannelsreis nei Parma yn Italië. De aktiviteit makket diel út fan de sponsorenreis en de fuotbalwedstryd SC Hearrenfean-Parma.
De delegaasje wurdt ûntfongen troch it gemeentebestjoer fan Parma en de direkteur fan de pleatslike Keamer fan Keaphannel. Doel is yn de kunde komme mei Italiaanske kollega's en saken dwaan. It Fryske selskip stiet ûnder lieding fan wethâlder Van der Laan.