Troch read ljocht: botsing

© Omrop Fryslân
In 43-jierrige automobiliste út de gemeente Wûnseradiel hat moandeitejûn op de Alde Rykswei yn Boalsert in ûngelok feroarsake. De frou ried troch read ljocht en seach dêrby de auto fan in 37-jierrige man út Ljouwert oer de holle. In botsing wie it gefolch.
Beide bestjoerders binne op it plak sels behannele troch ambulânsepersoniel.