Krityk op frijetiidssintrum

© Omrop Fryslân
Undernimmersferiening H&I yn Drachten makket him soargen oer de komst fan in frijetiidssintrum oan de râne fan it plak. De plannen foar it sintrum waarden moandei bekendmakke op it gemeentehûs.
Yn it sportsintrum komme, neist in sky-, in klim- en in bowlingbaan, ek hoareka en winkels. Dy nije winkels kinne wolris de klanten út it sintrum fan Drachten weihâlde, sa tinkt de feriening.