Lykspul Jong Cambuur

21 nov 2006 - 11:35
Foto: Omrop Fryslân

Jong Cambuur helle moandeitejûn in lykspul tsjin Jong De Graafschap. Yn Doetinchem kamen de Ljouwerters troch Lennart Krijger op foarsprong. Daliks nei de ôftraap foel de lykmakker.

Cambuur hie it measte balbesit, mar in protte kânsen krige de ploech net. Jong Cambuur hat no acht punten út acht wedstriden.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)