Histoaryske atlas Alve Stêden

© Omrop Fryslân
Boargemaster Scheffer fan Harns hat moandei it earste diel fan de histoaryske atlas fan de Fryske Alve Stêden yn ûntfangst nommen. De atlas bestiet út plattegrûnen en ynformaasje oer de skiednis fan 'e stêden. It projekt stie ûnder lieding fan de Fryske Akademy. It boek dat no útkommen is, is diel 1. Dêryn wurde de seehavens behannele. Oer trije jier komt it twadde diel út. De atlas kostet 100 euro.