Jong Hearrenfean ferliest

© Omrop Fryslân
Jong Hearrenfean hat moandeitejûn yn in útwedstriid ferlern fan Jong FC Utrecht. It waard 2-1 foar de thúsploech.
It wie de twadde ferliespartij foar Jong Hearrenfean dizze kompetysje. De iennichste goal fan Hearrenfean waard oan de ein fan 'e wedstriid makke troch Will Johnson. Hearrenfean is noch hieltiid earste op de ranglist mei 24 punten út tsien spile wedstriden.