Maatregels lûdoerlêst fleanbasis

21 nov 2006 - 07:10

De fleanbasis Ljouwert nimt maatregels om lûdoerlêst fan F16's te beheinen. De basis docht dat nei klachten fan de omlizzende doarpen.

Moandei is oer de lûdhinder praat op in gearkomste. Der is meidield dat der takom jier twa jûnen yn de wike flein wurde sil ynstee fan fjouwer kear. Ek giet in grutte ynternasjonale oefening net troch. De doarpen ha sels frege om minder jûnsoefenings.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)