Stikkene gaslieding Burgum

20 nov 2006 - 16:34
Foto: Omrop Fryslân

Yn Burgum is moandeitemiddei in gaslieding rekke. Dat barde by grûnwurksumheden yn it sintrum. De gaslieding is stikken gien. Oarsaak wie it fersakjen fan in stik grûn, wêrby't de lieding meinommen waard.

Meiwurkers fan enerzjybedriuw Eneco hienen it probleem gau ferholpen. Der wie wol in skoftke in sterke gaslucht te rûken.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)