Oanhâlding yn moardsaak-Ooms

20 nov 2006 - 12:06

De plysje hat in 21-jierrige man oanhâlden yn ferbân mei de moard op Marinus Ooms fan Haulerwyk. De man hat him in pear wike lyn sels oanjûn by de plysje fan Amsterdam. De fertochte dy't gjin fêst wen- of ferbliuwplak hat, is opgroeid yn Haulerwyk.

De man soe belutsen west hawwe by it om it libben bringen fan Ooms yn de nacht fan sneon 8 oktober op moandei 9 oktober. De man hat by de plysje tsjinstridige ferklearrings ôflein.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)