Koperdieven oanhâlden

20 nov 2006 - 10:52
Foto: Omrop Fryslân

Twa manlju binne moandeitemoarn yn Drachten oanhâlden. Se hienen in sporttas fol koper by har. Se hienen it guod stellen fan in dak fan in bedriuw op it bedriuweterrein by Tjaarda. Yn de tas siet tritich kilo kopertried.

De fertochten, beide 21 jier, komme út Drachten en Vlissingen. Se sitte fêst op it plysjeburo.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)