'Sportman' yn Husum: krekt net

20 nov 2006 - 09:48

De Fryske spylfilm Sportman fan 'e ieu wie it ôfrûne wykein ien fan 'e favoriten fan it publyk op it lytse talen filmfestival yn it Noardfryske Husum. Yn de film hat ek de bekende Noardfryske akteur Hark Bohm in rol.

De sjuery fan it filmfestival makke lykwols in oare kar. Sy joegen de European Minority Film Award 2006 oan de Sámi film Macbeth. De Sámi ferzje fan Macbeth is yn 'e winter fan 2004 opnommen yn Sweeds Laplân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)