Boerumer slacht mei in snieskep

20 nov 2006 - 09:19

Yn Bûtenpost is sneintemoarn in man (32) út Boerum oanhâlden. Hy soe in man (26) út Bûtenpost mei in snieskeppe slein ha. Dat barde yn in kafee oan de Kerkstraat. Wêrom't er dat die, is net dúdlik. It slachtoffer hat ferskate ferwûnings oan it gesicht. Hy is yn it sikehûs hechten.

De fertochte Boerumer is fûn yn in auto yn de omjouwing fan de Kerkstraat en meinommen nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)