Oranje wint ploech-efterfolging

19 nov 2006 - 17:31

De Nederlânske teams ha by de Wrâldbekerwedstriden yn Berlyn goud wûn op it ûnderdiel ploech-efterfolging. De Oranje-manlju likegoed as de -froulju wiene yn it Sportforum it sterkst.

Carl Verheijen, Erben Wennemars en Sven Kramer (fan Aldskoat) notearren in tiid fan 3.40,79. Dat is in offisjeus Nederlânsk rekord. Oranje bleau dêrmei Noarwegen en Kanada foar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)