Flyers ferlieze fan Nijmegen

© Omrop Fryslân
De iishockyers fan de Vadeko Flyers hawwe sneontejûn thús mei 4-2 ferlern fan lânskampioen Nijmegen. Krekt as yn de lêste thúswedstriid tsjin de Amstel Tijgers, waard de lêste perioade de Feansters fataal. De tuskenstannen wiene 1-1, 1-1 en 0-2.
De Nijmegenaren wiene effektiver yn it benutten fan de kânsen. De Flyers krigen wol in soad mooglikheden, mar se wisten net te skoaren.