Jonges oppakt foar mislediging

© Omrop Fryslân
De plysje hat sneintemoarn betiid twa 15-jierrige jonges út Frjentsjer oanhâlden fanwege baldiedigens en mislediging. De twa wiene belutsen by in fjochtpartij op de Sjaardemastrjitte.
Doe't de plysjemannen de partijen skiede woene, sprong ien fan de fertochten in plysjeman yn de nekke. Hy waard doe oanhâlden, lykas de oare fertochte dy't de plysjemannen misledige. Se ha proses-ferbaal krigen.