Mooglik 'kultuerhûs' yn Boalsert

19 nov 2006 - 13:12

Achter it monumintale gemeentehûs fan Boalsert komt mooglik in saneamd kultuerhûs. Yn dit kultuerhûs soene ûnder oare de biblioteek, de VVV en de âldheidskeamer in plakje krije moatte.

Ek soene de histoaryske argiven mooglik ferhúzje kinne nei it nije gebou. It gemeentebestjoer fan Boalsert wol yn it nije gebou miskien ek in part fan de eigen organisaasje ûnderbringe. It kolleezje hat in helberensûndersyk dwaan litten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)