Lintsje foar Hendrikus Dijkstra

© Omrop Fryslân
Hendrikus_Dijkstra fan Koarnjum hat sneontejûn fan boargemaster Ter_Keurs in lintsje krigen. Dêrmei is er no lid yn de oarder fan Oranje Nassau. De priis waard útrikt op de feestjûn fan de Doarpsbelangen fan Koarnjum en Jelsum, dy´t 75 jier bestiet.
Dijkstra sit sûnt 1979 yn it bestjoer fan dy feriening, mar krijt it lintsje ek foar oare aktiviteiten, lykas bestjoerslid fan de toanielferiening, freonen fan Dekema en it Nut.