Ritsma 23e by City Bokaal

19 nov 2006 - 12:36

Rintje Ritsma is by reedrydwedstriden yn Utrecht opnij yn de achterhoede einige. De Lemster waard by de City Bokaal op de Vegtsebanen 23e op de 500 meter. De tiid fan de mearfâldich wrâldkampioen allround wie 38,54.

Alexander Oltrop wûn de City Bokaal yn in tiid fan 36,52. Inkelde wiken lyn finishte Ritsma as lêste op de 5 kilometer by it NK ôfstannen yn Assen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)