Auto útbaarnd by Snits

18 nov 2006 - 17:24

It ynterieur fan in persoane-auto is sneontemiddei totaal fernield rekke troch in brân. De bestjoerder ried fanôf de Ofslútdyk yn de rjochting fan Snits en seach reek út it dashboard kommen.

Hy sette de wein op de flechtstrook. De temperatuer rûn sa heech op dat de foarrút barste. De brânwacht fan Boalsert hat it fjoer útmakke. De auto wie total-loss. Der ha har gjin persoanlike ûngelokken foardien.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)