Kordon om Manuel Fetter-bankje

18 nov 2006 - 17:16

De famylje Fetter en jongeren fan de jongererie Ljouwert ha sneontemiddei protestearre by it monumint fan Manuel Fetter op it Waachplein yn Ljouwert. Op it plein stiet sûnt septimber in bankje as monumint tsjin sinleas geweld foar de yn 2004 omkommen Fetter.

It bankje wurdt lykwols faker brûkt om fytsen tsjinoan te setten as dat minsken derop sitten gean. De famylje Fetter wol no dat der twa lege muorkes fan stien om it monumint hinne komme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)