Dief oanholden yn Snits
De plysje hat freedtemiddei in 44-jierrige ynwenner fan Snits oanholden. De man soe út in winkel inkele cd's stellen ha. Doe't de man út in oare winkel in trui meinimme woe, waard er betrape troch it personiel.
De Snitser swaaide mei in hammer nei de meiwurkers en wie dronken. De plysje koe de man op it Groot Zand yn Snits oanhâlde.