Dochs GSM-mêst yn Mantgum

18 nov 2006 - 12:40

De protesten fanút Mantgum tsjin de komst fan in GSM-mêst dêr ha neat úthelle. Yn dy mêst soe letter ek noch in UMTS-stjoerder komme moatte. De Vodafone-mêst komt op it terrein fan de brânwachtkazerne yn it doarp fan de gemeente Littenseradiel.

In grut part fan de ynwenners hat dêrtsjin protest oantekene by de gemeente, mar dy kin of wol it net tsjinhâlde. Dat hat it kolleezje fan B&W fannewike besletten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)