Omwenners tsjin 24-oers skoalle

De omwenners fan de âlde gersdroegerij yn Harich binne tsjin de komste fan in 24-oers skoalle dêr. Alle 50 minsken dy't freed yn Balk op in ynformaasjejûn wiene, wolle de skoalle dêr perfoarst net ha.
De gersdroegerij soe wike moatte foar de nije kampus. Dêryn is plak foar 96 jongeren dy't yn it gewoane ûnderwiis fêstrûn binne. It Christelijk Voortgezet Onderwijs, CVO, is de wichtichste inisjatyfnimmer.