Domino-rekord ferbrutsen

It Wrâldrekord omfallende dominostientsjes is freedtejûn brutsen yn it WTC Expo yn Ljouwert. By Domino Day giene der yn totaal 4.079.381 stientsjes tsjin de flakte.
Domino Day stie yn it teken fan muzyk. Fan rap oant jierren '70 hippy-muzyk en fan klassyk oant disko. Sjongeres Kim Wilde treau it earste stientsje om. Njoggentich frijwilligers hawwe dwaande west de stientsjes op te setten.