Sjirurch ferlit sikehûs Snits

© Omrop Fryslân
Der is in kompromis tusken sjirurch Tariq_Shadid en it Antoniussikehûs yn Snits. Dat stiet yn in advertinsje dy´t freed yn ferskillende media pleatst is. De maatskip Heelkunde Súd Fryslân skriuwt dêryn dat se it konflikt betreurje.
Shadid sit al sûnt april siik thús fanwege in konflikt mei de maatskip fan sjirurgen yn it sikehûs. Shadid seit syn lidmaatskip fan de Maatskip per 10 jannewaris op en sit alang thús.