Nominaasje webside Tresoar

© Omrop Fryslân
De webside fan Tresoar is nominearre foar de ARCHIEVEN.NL-priis 2006. Dy priis is bedoeld foar de meast tagonklike histoaryske webside fan in argyf of histoaryske feriening. De websiden wurde beoardiele op ynhâld, foarmjouwing, gebrûksfreonlikheid en hoe goed de ynformaasje te finen is.
18 argyftsjinsten en 50 histoaryske ferienings hawwe har oanmeld foar de priis. Op de site fan Tresoar is ynfo te finen oer literatuer en skiednis.