Net mear op wylde einen sjitte

Yn Fryslân meie gjin wylde einen mear ôfsketten wurde. Dat hat de bestjoers- rjochter yn Ljouwert freed besletten. Faunabekerming hie de saak oanspand om't se fine dat der ûndúdlikheden yn de fergunning fan de provinsje sitte.
Sa meie jagers no it hiele jier wylde einen ôfsjitte at dy skea driigje te feroarsaakjen. De provinsje moat no in nije fergunning meitsje wêrby't allinne dy einen ôfsketten wurde meie dy't oantoanber skea oanrjochtsje.