Klimaatboskje plante yn Ljouwert

17 nov 2006 - 13:31

Yn Ljouwert is freed it allerearste klimaatboskje fan Nederlân plante. Oan de foarkant fan it NS-stasjon, by it kantoar fan de AEGON, stean no trije walnutebeammen yn in trijehoek. De beammen binne plante yn it ramt fan de nasjonale kampanje Hier.nu en moatte bydrage oan minder CO2 yn 'e lucht.

Learlingen fan basisskoalle Oldenije ûntbleaten it klimaatboskje. Yn totaal wurde 600 klimaatboskjes plante yn Nederlân, wêrfan 60 yn Fryslân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)