Man driget mei kettingseage

17 nov 2006 - 10:52

De plysje hat tongersdei in ynwenner fan Surhuzum (31) oanholden omdat de man mei in kettingseage oer strjitte rûn. De man woe dat syn 48-jierrige buertgenoat de auto ferpleatse soe. De plysje hat doe mei de man praat.

In heal oere letter wie it wer raak. No bedrige de 31-man út Surhuzum bewenners oan de oare kant fan de strjitte mei in kettingseage. De man woe de seage net dellizze en is oerbrocht nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)