Kongres duorsumens rint goed

© Omrop Fryslân
Der is aardich wat belangstelling foar in kongres oer duorsume mobiliteit, dat takom wike hâlden wurde sil yn Ljouwert. Der binne al sa'n 250 ynskriuwingen.
Ien fan de sprekkers yn Ljouwert is 2e Keamerlid Diederik Samson fan de PvdA. Hy wol dat Nederlân yn 2020 de skjinste en meast effisjinte enerzjy foarsjenning hat fan Europa. De ambassaseur fan Sweden, Hans Magnusson, sil ek sprekke yn Ljouwert.