11 stêden op Unesco-list?

16 nov 2006 - 23:48

De 11 Fryske stêden moatte op de wrâlderfguodlist fan UNESCO komme. Dat wol kommissaris fan de Keninginne Ed Nijpels. Hy sei it juster yn in debat oer de takomst fan Fryslân. At de 11 stêden op dy list komme betsjut dat ekstra beskerming foar it histoarysk karakter fan de plakken.

Op de suggestje fan Nijpels komme positive reaksjes út de provinsje. Oant no ta stiet yn Fryslân allinnich it Woudagemaal op 'e list.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)