Boek oer de Ofslútdyk

16 nov 2006 - 12:09

'Untdek de Ofslútdyk foar it te let is'. Dat is it motto fan it nije boek 'Afsluitdijk. Brug en waterscheiding'.

Oare wike wurdt dat boek oanbean oan minister Peijs en oan de direkteur fan de Fryske Keamer fan Keaphannel. It boek giet oer de dyk as wetterkearing, ferkearsdyk, toeristyske trekpleister en natuergebiet. De skriuwers hoopje dat beliedsmakkers goede ôfwagings meitsje oer de takomst fan de dyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)