Griene Erfguod tsjin Sintrale As

De oanlis fan de Sintrale As moat foarkaam wurde. Om dat foar elkoar te krijen hat in groep minsken stifting It Griene Erfguod oprjochte.
Earder besocht dizze groep politicy te oertsjûgjen de dyk fan Dokkum nei de Wâldwei net oan te lizzen, mar dat slagge net. De stifting sil jurydyske prosedueres opstarte om de dyk tsjin te hâlden. It snijt dwers troch natoergebieten hinne, en dat waget net op tsjin de foardielen, sa fine se.