Ofspraken oer brûken Frysk

© Omrop Fryslân
Seis Fryske gemeenten hawwe mei de provinsje ôfspraken makke oer de Fryske taal. Doel is dat der mear Frysk brûkt wurdt yn brieven nei de provinsje en oar skriftlik ferkear. It giet hjir om in yntinsjeferklearring.
De seis gemeenten binne: Boarnsterhim, Dongeradiel, Ferwerderadiel, Littenseradiel, Menameradiel, Wymbritseradiel. Dêr komme Ljouwerteradiel en Tytsjerksteradiel ynkoarten noch by.