Lêzing Ekhart op Friese Poort
Wethâlder Andries Ekhart fan Snits sil learlingen fan ROC De Friese Poort alfêst waarm meitsje foar de ferkiezings fan takom woansdei. De wethâlder hâldt moandei op de skoalle in polityk praatsje.
Dat bart yn de lessen politike maatskiplike foarming op de ôfdieling Saaklike Tsjinstferliening. Ekhart hat earder konrektor west op it Magister Alvinus, ek yn Snits.