Botsing yn Holwert
Yn Holwert is woansdeitemoarn in frou mei har auto achterop in stilsteande frachtwauto riden. De truck stie op de Grandyk mei alarmljochten en swaailjocht oan, mar dochs hie de frou út Foudgum de frachtauto oer de holle sjoen.
In botsing wie it gefolch. De frou is mei ferwûnings oan de foet nei it sikehûs brocht.