Rúzje automobilisten yn Burgum

© Omrop Fryslân
Twa automobilisten ha woansdei yn Burgum rúzje hân. Dat barde by de Esso pomp oan de trochgeande dyk. In man út Hurdegaryp yn in donkere stationwagen hie in swarte Volkswagen Transporter fan in Readtsjerker ynhelle.
De Readtsjerker waard lilk, helle de Hurdegarypster op syn beurt yn en snijde him dêrby. Dêrnei ried er achterút en rekke de auto fan de Hurdegarypster licht. Der soe ek noch in klap jûn wêze.