Miljoeneprojekt Gaasterlân-Sleat

© Omrop Fryslân
De gemeente Gaasterlân-Sleat mei fan de provinsje in miljoeneprojekt útfiere. It giet om santjin baggerprojekten yn 'e Sleattemermar en 'e Luts, de oanlis fan steigers en it ûntwikkeljen fan in swim- en surfsintrum. Doel is om mear toeristen te lûken. Dat smyt mear ynkomsten op en dat is nedich want de gemeente stiet ûnder kuratele fan de provinsje. De kosten bedrage mear as 7 miljoen euro.